Ofrûne maitiid is it boek Sline yn it ferline ferskynd. In boek fol herkenbere ferhalen en anekdoates oer iten en de ytmominten fan eartiids, moaie foto’s en smaaklike gerjochten. We hawwe in lyts foarpriuwke taheakke oan dizze mail. It boek is twatalich, de resepten en beskriuwingen binne yn it Nederlânsk, de ferhalen binne yn de taal fan de ferhaleferteller, yn it Frysk of yn it Nederlânsk.
Wat dit boek bysûnder makket binne net allinich de smaaklike gerjochten en moaie ferhalen, mar ek de smaakstjoerde resepten. It standert resept is mei in pear yngrediïnten oanfold sadat it gerjocht ek foar de âldere mei smaakferlies noch krekt sa lekker priuwt as at it eartiids preaun.
Dit boek is makke fan it projekt Dat wie doe sa út yn gearwurking mei Zorgbelang Fryslân, Zorggroep Hof en Hiem, Smaak van het Huis en Puur Thijs.